Ga naar inhoud
MAP

Pier21 - Krijst der safolle foar werom?!

De Skâns Gorredijk, Gorredijk

In tragikomeedzje fan Pier21 oer in spytmem, winskâlden en grutbringe, mei Anna Raadsveld en Benno Veenstra.

In tragikomeedzje fan Pier21 oer in spytmem, winskâlden en grutbringe.

It is trije dagen foar kryst. Elkenien is drok dwaande mei tariedingen foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend want: Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei jonge bern. De repetysjes binne yn folle gong. Yn alle hektyk ûntdekt Djoeke, syn suster, dat se opnij yn ferwachting is. Dêr skrikt se enoarm fan en se kin net langer fuortdrukke wat se eins al hiel lang fielt: se wol gjin mem wêze. Frank dêrfoaroer wol neat leaver as tegearre mei syn man âlders wurde. Wat folget is in lange nacht (yn it dekôr fan de krystmusical) dêr 't harren tsjinstelde (berne)winsken yn botse, harren ideeën oer harren eigen âlden en jeugd en oer wat it betsjut om sels âlder te wêzen. 

Krijst der safolle foar werom is skreaun troch Ali Zijlstra en regissearre troch Mara van Vlijmen. Mei Anna Raadsveld as Djoeke en Benno Veenstra as Frank.

Wanneer:
7 december
Prijsinformatie:
Vanaf € 25,50
Afstand tot jouw locatie:

Hier vind je Pier21 - Krijst der safolle foar werom?!
De Skâns Gorredijk

De Skâns Gorredijk
Loaijersstrjitte 2
8401DV Gorredijk
Plan je route

vanaf jouw locatie

Toon resultaten